Dykfersakking yn Dokkum: boufakkers blokkearren dyk om sinkgat hinne

11 okt 2019 - 20:05

Yn De Wylster yn Dokkum is freed in rûn sinkgat ûntdutsen, fan sa'n 30 by 30 sintimeter. Foarbygongers hiene sjoen dat ien strjitstien yn it gat fallen wie. Oant de gemeente op it plak wie, ha der boufakkers west dy't mei harren buskes de dyk blokkearren, sa't der gjinien ynrinne of -ride soe.

It sinkgat - Foto: De Vries Media

Nei alle gedachten sil gemeente Noardeast-Fryslân it gat yn de wyk Fûgellân nei it wykein reparearje. Oant dy tiid steane der stekken om it gat hinne en moat it ferkear foar in part omride.

Trefwurden: 
Dokkum De Wylster sinkgat
(advertinsje)
(advertinsje)