Jubilearjend Douma Staal yn Snits tenei keninklik

It bedriuw Douma Staal yn Snits mei him tenei keninklik nimme, dat makke kommissaris fan de Kening Brok freed bekend by it 100-jierrich jubileumfeest fan it bedriuw. Neffens Brok is it bedriuw in foarbyld fan de de krêft fan Fryske famyljebedriuwen dy't djip yn de maatskippij woartele binne.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
It bedriuw is yn 1918 oan de Lemmerwei oprjochte troch Geert Douma. Hy sette útein mei in izerhannel yn de wurkpleats fan syn heit, in weinmakker. Mei syn bruorren waard de kym lein foar Douma Staal, dat yntusken trije generaasjes yn de famylje is. It bedriuw sit hjoed-de-dei oan de Pieter Zeemanstrjitte en hat G.J. Douma as direkteur.
Douma Staal leveret stielprofilen dy't makke wurde neffens de ideeën fan de opdrachtjouwer. Wat der ek by heart is Douma Edelstaal oan de Lorentzstrjitte, dêr wurde profilen fan rustfrij stiel makke. By Douma Staal wurkje 105 meiwurkers.
Douma Staal is de 32e organisaasje yn de provinsje dy't keninklik wurden is.