Forum voor Democratie wol haastdebat: teloarstelling yn hannelswize Kramer

11 okt 2019 - 19:08

Foar de Steatefraksje fan Forum voor Democratie is it beslút fan deputearre Johannes Kramer om de oankundige stikstofmaatregels yn te lûken reden om in haastdebat oan te freegjen. FvD-fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard jout oan dat hy dúdlikens wol fan it kolleezje. Foar sa'n haastdebat is stipe fan in fiifde part fan de Steateleden nedich, mar PVV en CDA hawwe al oanjûn de oanfraach te stypjen.

Maarten Goudzwaard fan Forum voor Democratie by it protest - Foto: Forum voor Democratie

Goudzwaard wol dat Kramer útlis jout oer it feit dat de maatregels nommen binne sûnder de Provinsjale Steaten en belutsenen lykas de boeren yn te ljochtsjen. "Wy binne slim teloarsteld yn de gong fan saken as it giet om de hannelswize fan deputearre Kramer," seit Goudzwaard.

"Utfieringsapparaat fan Den Haag"

Goudzwaard: "Wy tinke dat it in boekhâldkundich probleem is. Wat ik Kramer kwealik nim, is it feit dat hy it allegear hiel 'gedwee' ûndergiet. It liket wol dat wy as provinsje in útfieringsapparaat binne fan Den Haag, wylst je echt wol assertyf optrede kinst tsjin de útspraak fan de kommisje Remkes. Je moatte tsjin Den Haag sizze: de mjitmetoaden fan it RIVM moatte earst ûndersocht wurde."

Kommunikaasje

It giet neffens de FvD-fraksjefoarsitter ek om kommunikaasje "Der is ek hielendal gjin petear west mei de organisaasjes en lit stean mei de boeren sels. Dat is nea de goede hannelwize yn in demokrasy as dy fan ús. Wy sieten juster ek yn de kommisjeseal mei de ynformaasjegearkomste. Wy murken de emoasjes wol by de boeren en wy diele dat as Forum."

Kin Kramer dan noch wol oanbliuwe, as it oan Forum voor Democratie leit? "Der binne earnstige missers makke, wat myn fraksje oanbelanget. Dat is ek de reden dat wy in haastdebat oanfrege hawwe. Wy moatte noch mar sjen wat de útkomsten binne. Mar it mei dúdlik wêze hoe't wy der as fraksje yn steane."

Mear partijen?

De FvD-fraksjefoarsitter hopet dat der noch mear partijen binne dy't harren by him oanslute. "It leit no by de kommissaris foar beoardieling, mar fan Provinsjale Steaten út is der no genôch stipe. Dus ik gean der fanút dat it woansdei troch giet," tinkt Goudzwaard.

Maarten Goudzwaard fan Forum voor Democratie

(advertinsje)
(advertinsje)