Deputearre Kramer nei skrassen regels: "No kinne we 298 boeregesinnen net helpe"

11 okt 2019 - 18:25

Deputearre Johannes Kramer ferwyt himsels dat er net mear tiid naam hat foardat er syn hantekening sette ûnder de stikstofmaatregels. Dat sei er freed by Omrop Fryslân op telefyzje. "Dit hie oars moatten."

Mei it beslút woene de provinsjes saneamde stikstofromte frijspylje. "Bygelyks foar boeren fan wa't de fergunning ferneatige is, of foar guon dy't in nije fergunning nedich ha. Dêr wie dizze maatregel foar. Alle provinsjes ha dit beslút nommen."

"Boeren dy't in âlde stâl ha en dêrom in nije fergunning ha moatte, kinne no gjin romte krije", seit Kramer. "It byld is dat der dingen ôfpakt wurde, mar dat is net wier. Allinnich as je in nije fergunning nedich ha, krije je de romte net."

298 boeregesinnen de dupe

Kramer sette freed in streek troch it beslút en dat waard mei blydskip ûntfongen troch de boeren op it Provinsjehûs. Dochs binne net alle boeren hjirmei holpen, fertelt Kramer: "Dit beslút wie om dy minsken te helpen dy't in nije fergunning nedich ha. No binne der 298 boeregesinnen dy't we net helpe kinne om romte frij te spyljen."

Eke Folkerts fan de organisaasje Agrarische Jongeren betwivelet oft der wol in stikstofprobleem is, ek al jouwe in hiel soad saakkundigen dat oan. "We ha der in goed gefoel oan oerholden, dat se dit no ynlutsen. Is der wol in stikstofprobleem? Wy ha ús fragen deroer."

Oplossing foar lange termyn

Yn alle gefallen makket Folkerts har soargen oer de takomst. "No wolle se in oplossing foar koarte termyn ha. Mar oer fiif jier dan? Wa moatte nei it begjin ta fan it stikstoffraachstik. Is dat probleem der en wat binne de oarsaken?"

Kramer is dúdlik: "Minister Schouten is ferantwurdlik foar de sifers dy't brûkt wurde. Sy sil dernei sjen. Mar nim fan my oan: de stikstofdeposysje is heech."

(advertinsje)
(advertinsje)