Rydstripe A7 twa kear ticht by It Hearrenfean troch ûngelokken

11 okt 2019 - 17:20

Fanwege in iensidich ûngelok op de A7 hat in part fan de linker-rydstripe ôfsletten west by It Hearrenfean. Dat ûngelok wie yn de rjochting fan Drachten nei De Jouwer ta, flak foarby it knooppunt-It Hearrenfean.

Foto: Rijkswaterstaat Noord Nederland

Neffens de ANWB wie de fertraging in goed heal oere, mar rûn healwei seizen is de dyk wer frij jûn. Net folle letter wie der lykwols op 'e nij in ûngelok. Wer wie de linker rydstripe ticht. Yntusken is de dyk wer frij.

In dykynspekteur fan Rykswettersteat seit dat der net gjinien ferwûne by it earste ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)