Reder MSC kiest foar oare rûte boppe it Waad

11 okt 2019 - 17:09

Reder MSC kiest sûnt it ûngelok mei kontenerskip MSC Zoe foar in oare rûte nei Dútslân ta. Dat docht bliken út ûndersyk fan it telefyzjeprogramma Zembla. It giet om de saneamde noardlike rûte, dy't fierder fan de Waadeilannen ôf leit. In wurdfierder fan de rederij lit witte dat se de kar meitsje 'ondanks dat we de zuidelijke route veilig achten.'

De MSC Zoe yn de Bremerhaven - Foto: ANP

Der binne twa rûten boppe de Waadeilannen, de saneamde súdlike en noardlike rûte. It ûngelok mei de MSC Zoe barde op de súdlike rûte, krekt boppe de Waadeilannen. De measte kontenerskippen nimme dizze rûte, dy't koarter is as de mear noardlike rûte. It wetter op de súdlike rûte is ûndjip, wat betsjut dat grutte skippen by min waar it risiko rinne de boaiem fan de see te reitsjen.

'Vrijwillig de noordelijke route nemen'

Ut it ûndersyk fan Zembla die bliken dat de MSC Gülsün, it grutste kontenerskip fan MSC, yn augustus de noardlike rûte naam. Op fragen fan it programma seit in wurdfierder fan MSC dat: "In afwachting van de uitkomst van de lopende onderzoeken, kiest MSC er vrijwillig voor om de noordelijke route te nemen, ondanks dat we de zuidelijke route als veilig beschouwen."

De Waadferiening lit oan Zembla witte dat se graach sjogge dat alle skippen boppe de Waadeilannen de noardlike rûte nimme.

Ut it ûndersyk fan Zembla die earder bliken dat de 'black box' fan it kontenerskip MCS Zoe defekt wêze soe.

Lês al ús eardere berjochten oer de kontenerramp op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)