Hjerst Fair Jorwert giet net troch: Notaristún te wiet

11 okt 2019 - 16:55

De Hjerst Fair dy't sneon yn Jorwert wêze soe, giet net troch. De Notaristún, dêr't de merk komme soe, is te wiet. En mei de reinferwachting fan freed en sneon wurdt dat allinne mar slimmer.

Jorwert - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Op de merk soene allerhanne hjerstprodukten te keap wêze en by it kafee soene besikers sop en broadsjes krije kinne. De organisaasje tinkt der no oer om yn desimber in krystmerk te organisearjen.

(advertinsje)
(advertinsje)