Wurkstraf foar oanriding mei drank en besit fan nep-kalasjnikov

In man (34) fan Jistrum hat in wurkstraf fan 150 oeren krigen, om't hy mei drank op op in trekker botst is en om't hy ferbeane wapens yn besit hie. De oanriding wie al twa jier lyn, oan de Jisterboerewei by Koatstertille.
In kalasjnikov © Flickr
By in hûssiking fûn de plysje in fjoerwapen dat op in kalasjnikov like, en ek noch in ploertedeader en in boksbûgel. De man sei dat er de kalasjnikov moai fûn foar oan de muorre en dat hy net wist dat it wapen ferbean is.
Njonken de wurkstraf krige er hyin rydûntsizzing fan in heal jier. Hy mocht ek al net mear ride sûnt de botsing mei de trekker, dêr hie hy hast fiif kear safolle drank op as dat mocht.