Skipper krijt wurkstraf fan 40 oeren nei trije kear dronken farren

In 26-jierrige Snitser dy't begjin desimber 2017 mei drank op in motorboat bestjoerde is freed troch de plysjerjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren. Dêrfan is de helte ûnder betingst.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De skipper fear yn Snakkerbuorren op de Dokkumer Ie. Hy soe tsjin in brêge fearn wêze, mar dat spruts de Snitser tsjin. Hy sei tsjin de plysje dat er op in feestke acht oant tsien bierkes hân hie. Neffens de blaastest siet er mear as trije kear safolle as wat wetlik tastien is.
It wie al de tredde kear dat de man mei drank op betrape wie. Hy sit op de binnenfeart en is dwaande mei syn kapteinspapieren. "Dan is de gedachte aan drank al bijna strafbaar", warskôge de rjochter. Omdat de saak al hiel âld wie, lei de rjochter in koarte proeftiid fan in jier op.