Ald-reedrider Yep Kramer ferwûne rekke by botsing mei bus

11 okt 2019 - 15:54

De racefytser dy't tongersdeitemiddei op De Tynje swierferwûne rekke by in botsing mei in bus is âld-reedrider Yep Kramer. Kramer is de heit fan reedrider Sven Kramer.

Foto: CAMJO media

It ûngelok barde op de Breewei. Kramer is tongersdeitemiddei nei in earste behanneling troch ambulânsepersoniel yn sân hasten nei it sikehûs yn Grins brocht. Nei alle gedachten hie hy in brek yn in nekwervel. Hy mei sneon wer nei hûs en moat in skoft in brace om hawwe.

Karriêre as reedrider

De 61-jierrige Kramer die yn de jierren 80 op ynternasjonaal nivo mei oan it langebaanriden. Hy die mei oan EK's en WK's en yn 1980 en 1984 die hy mei oan de Olympyske Spelen. Yn 1997 kaam Kramer noch as achtste oer de finish by de Alvestêdetocht.

Trefwurden: 
ûngelok Yep Kramer
(advertinsje)
(advertinsje)