Frachtwein sakket troch part fan brêge yn wyk Skipsleat op De Jouwer

11 okt 2019 - 15:44

Oan de Warring op De Jouwer is tongersdei in part fan de brêge ynstoart nei't it foarste part fan in frachtwein mei in karre oer de brêge hinne riden hat. It giet om in brêge midden yn de wenwyk Skipsleat, dy't foar in part út hout bestiet.

De brêge oan de Warring op De Jouwer - Foto: Monique Vellinga

It gie om allinne it foarste part fan in frachtwein, mei in karre derefter. Neffens de plysje moast de sjauffeur útwike. De frachtweinsjauffeur moast yn de wyk wêze en hie krekt op 'e tiid yn de gaten dat it net goed kaam en joech genôch gas om sels fan de brêge ôf te kommen. "Dan ha je wol in ingeltsje op it skouder hân!", skreau Monique Vellinga op Twitter, de mem fan de sjauffeur.

Gemeente De Fryske Marren jout oan dat de frachtwein yndie oer it fuotgongersdiel fan de brêge riden is en dat de brêge dêr net op berekkene wie. De brêge is op dit stuit ôfset. Konsekwinsjes foar de omwenners hat it net, dy kinne ek omride om harren strjitte út te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)