Ald-Steatelid Nynke Koopmans út 'e skroeven mei ynlûken stikstofmaatregels

11 okt 2019 - 15:11

Ald-steatelid, gemeenteriedslid en bestjoerslid fan Stichting Stikstofclaim Nynke Koopmans is út 'e skroeven mei it protest fan de boeren en it beslút fan deputearre Kramer om ôf te sjen fan de foarnommen stikstofmaatregels. "Ik bin wier oerweldige. Dit begûn dizze moarn om healwei tsienen te rôljen en dat wy no dít al foarinoar krigen hawwe mei al dy boeren, dat is echt fenomenaal."

Foto: Omrop Fryslân

"Kramer sit noch wol mei de stikstofkwestje, mar dat komt wol klear. Sy hawwe no de druk field en de boeren hawwe sjen litten dat dit de grins is. Dan berikke je wat. Dit fielt fantastysk. Ek mei al dy jonge boeren dy't hjir letterlik mei de klaai oan harren learzens steane," jout Nynke Koopmans fan Tytsjerk oan.

Koopmans is sels boerinne en heart by de Stichting Stikstofclaim, dy't ûndersykje wol hoe grut oft de problemen mei de stikstofkwestje binne foar de lânbou. Koopmans wie lid fan de VVD, mar sei har lidmaatskip op om't sy har net mear fine koe yn de koers fan de partij.

Lang teloarsteld

Koopmans wie al in skoft teloarsteld yn de polityk. "Ik haw wol tsjin de boeren sein, ik haw hjir sa faak yn dizze seal sitten en sein: toe no, tink der no oan, dy boeren hawwe harren nocht en wurde yn harren bestean bedrige." It weromlûken fan it beslút fielt dus as in oerwinning foar har. "Mei al dy boeren, bouboeren, leanwurkers. De ienriedigens wie noch nea sa grut, ik haw it nea earder sa meimakke."

Nynke Koopmans fan Stichting Stikstofclaim

(advertinsje)
(advertinsje)