Boalserter skoaldosint en kuorbalcoach oanholden om sededelikt

11 okt 2019 - 14:36

De plysje hat in 34-jierrige basisskoalledosint en kuorbalcoach út Boalsert oanholden om in sededelikt. De man wurdt fertocht fan it besit fan berneporno en fanwegen ûntucht mei in minderjierrige. Hy hie ek in eigen bedriuwke dat bernefeestkes organisearret.

De man hie gjin berneporno op syn kompjûter stean, seit syn advokaat Bart Canoy. Syn kliïnt wurdt derfan fertocht dat er berneporno besjoen hat. Juridysk hjit dat dan wol besit. It ûntucht giet om in barren fan jierren lyn.

De Boalserter is tiisdei oanholden en freed foarlaat by de rjochter-kommissaris. De plysje is dwaande mei it ûndersyk. It Iepenbier Ministearje befêstiget it.

Advokaat Bart Canoy

Kuorbalklup: "Je tinke: dit kin net wier wêze"

Tjitske van Dijk, foarsitter fan de kuorbalklup Westergo dêr't de fertochte coach wie fan it C1-team, is bot skrokken. "Doe't it krekt bard wie, binne wy belle," seit Van Dijk. "Doe binne wy mei in tal oare minsken dy't ek belutsen wiene ynljochte troch in spesjaal team dat ús bystiet. Wat tinke je dan? Net in soad. Je falle wat stil en je binne yn shock."

Neffens de foarsitter har de klup nea wat murken. "Hy wie coach en siet yn in oantal kommisjes. Hy wie lykas alle leden fan ús klup in belutsen man. Je tinke: dit kin net wier wêze. Dat wie it earste. Mar goed, der rint noch in ûndersyk en hy is fertochte. It is no sa't it is. Mar it is tige ûnwerklik."

De leden fan de klup binne op de hichte brocht. Van Dijk""Minsken wolle ek wol witte wat der bart binnen de feriening. Wy hawwe wol besletten om wat wy witte, wat net in soad is, wol te dielen mei oare belutsenen."

Tjitske van Dijk, foarsitter fan kuorbalklup Westergo

Ek by skoalle bot skrokken

De St. Michaëlskoalle yn Harns heart by de katolike skoalkoepel BMS, dêr't Philip Messak de nije bestjoerder fan is. Messak is ek tige skrokken fan it berjocht. De direkteur fan de St. Michaëlskoalle is fia de telefoan ynljochte troch de plysje. De meiwurkers fan de skoalle binne tige oandien troch it nijs, mar Messak jout oan dat der op dit momint gjin relaasje liket te wêzen tusken de sedesaak en de skoalle.

De fertochte is troch de skoalle op non-aktyf set. Tongersdei is der in brief nei de âlden gien en freed praat BMS-bestjoerder Dick Lieftink mei de âlden om fragen te beantwurdzjen.

Trefwurden: 
Boalsert ûntucht sededelikt
(advertinsje)
(advertinsje)