Meiwurkers Antonius-sikehûs Snits lizze wurk del

De meiwurkers fan it Antonius-sikehûs yn Snits lizze nije wike it wurk del. Dat dogge sy omdat se lulk binne dat der gjin goede cao is. Se fiere de aksje tegearre mei de sikehuzen yn Alkmaar, Den Helder, Den Haag, Nieuwegein, Utrecht en Woerden. Twa wike lyn staakten de meiwurkers fan Nij Smellinghe yn Drachten ek al. By dizze estafette-aksjes lizze ferskillende sikehuzen om de beurt it wurk del.
© Omrop Fryslân
De operaasjekeamers, radiology, ferpleechôfdielings en tsientallen oare ôfdielings binne by dizze aksje ticht foar net dringende saken. "Een goede cao is nodig om de sector aantrekkelijk te houden voor nieuwe werknemers en het behoud van de huidige werknemers", sizze de bûnen yn in ferklearring. "Alleen daarmee kunnen we de werkdruk hanteerbaar houden en kwaliteit van zorg blijven garanderen."
De aksje begjint dy wike op tiisdei yn Alkmaar en Den Helder. Woansdei folget Snits en tongersdei de rest. Yn de sikehuzen wurkje yn totaal 15.000 minsken.
Ein septimber kamen de fakbûnen yn de soarchsektor net ta in akkoart mei de Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen (NVZ). Dy kaam mei in nij einbod, mar de bûne fine dat te meager.
De fakbûnen wolle in bettere CAO mei in salarisferheging fan 5 persint en in ekstra taslach op lean wannear't meiwurkers last-minute oproppen wurde om te wurkjen. Ek wolle de fakbûnen goede ôfspraken oer arbeids- en rêsttiden en oer de ynstream en it behâld fan meiwurkers.