De Fryske Marren stipet Sybrandy's mei maksimaal 450.000 euro

11 okt 2019 - 14:30

It liket derop dat Sybrandy's Speelpark yn Aldemardum trochgean kin. It kolleezje yn de gemeente De Fryske Marren lit witte dat se it park stypje mei in liening. It giet om in bedrach fan maksimaal 450.000 euro.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Mei de liening kin Sybrandy's ferhúzje nei it terrein De Hege Gerzen by Aldemardum. Undernimmer Sjerp Jaarsma hat plannen om dêr in trochstart te meitsjen mei it park. Jaarsma hie om de liening frege by de gemeente om mei it jild de ynboel fan it park oer te nimmen.

De gemeente jout it jild, sa sizze se, omt se in betelbere dei út hâlde wolle yn de regio. Ek hat de stipe út de regio yndruk makke op it kolleezje.

(advertinsje)
(advertinsje)