Deputearre Kramer set streek troch stikstofmaatregels

De stikstofmaatregels dy't de provinsje nommen hat, binne ynlutsen. Dat hat deputearre Johannes Kramer niiskrekt bekend makke as reaksje op de boereprotesten yn Ljouwert. "Wy kinne dit allinne mar mei-inoar oplosse, dêrom hawwe wy besletten de beliedsregels yn te lûken."
Deputearre Kramer
"Hokker maatregels wy ek nimme, it moat mei kommunikaasje en draachflak gebeure", sa fertelde de deputearre foar in seal lilke boeren. "Wy sille maatregelen nimme moatte dy't sear dogge. Mar, we kinne it allinne mar mei-inoar oplosse. Fandêr dat wy it beslút nommen ha om de beliedsregels yn te lûken."

Aksje tsjin stikstofbelied provinsje

It sintrum fan Ljouwert stiet al de hiele dei fol mei tsientallen trekkers út hiel Fryslân wei. De boeren fiere aksje tsjin it stikstofbelied fan de provinsje.
Deputearre Kramer set streek troch stikstofmaatregels