Freedsmerk: "Dy Meiland is in grappige man, mar hy geilt wol op oandacht"

"Dy Meiland is in grappige man, mar hy geilt wol op oandacht." It wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de winst fan de Gouden Televizierring troch it programma Chateau Meiland.
© Omrop Fryslân, René Koster
Mei grutte oermacht gie de publykspriis foar bêste telefyzjeprogramma fan Nederlân, nei dizze reallive-soap. De belevenissen fan de eksintrike Martien Meiland, dy't mei syn famylje in Bêd & Brochje runt yn in Frânsk kastiel, sprekke de sjoggers blykber sa oan, dat de man sa njonkenlytsen in wier fenomeen wurden is. "Ik snap dat wol, dy man is echt, mar dochs hiel oars as oaren. Hy hat in grutte gunfaktor", sei immen.
In keapman seach it wol sitten om him te brûken yn in reklamekampanje: "Hij heeft humor, brengt vernieuwing op het scherm en is inspirerend!" Poelier Hylke omskriuwt Meiland as: "In aparte man. Dan hat er syn sjaal sa frjemd om 'e nekke en slacht er mei hannen en fuotten en stiet er te springen. Mar ja, hy is wat homofyl, dus ja, it sil der wol by hearre...."
Oaren kenden it programma net, om't se allinnich noch mar netflixe, of se negearje de hype om Meiland hinne. "Fierstente hystearysk!"
De Freedsmerk oer Chateau Meiland