Fakbûnfoarsitter Harm Wiegersma: "Dit is ferried tsjinoer de boeren!"

11 okt 2019 - 12:39

Harm Wiegersma, foarsitter fan de Nederlandse Melkveehouders Vakbond, is freed oanwêzich by it boereprotest yn Ljouwert. Hy is poer. Ofrûne tiisdei ha de provinsjes yn Nederlân in beslút nommen oer de stikstofympasse. Mar neffens Wiegersma kin der noch gjin hanteken setten wurde en moat der earst oerlis komme mei de boeren. "Dit is ferried tsjinoer de boeren!"

Foto: Kappers Media

De grutte eangst is dat de boeren in grut part fan har fergunning ynleverje moatte. Guon boeren hawwe noch romte yn harren stikstoffergunning. Dy romte kinne se jaan oan bedriuwen dy't dy romte net hawwe en noch wol útstjitte sille. Dy romte wurdt harren no lykwols ôfpakt.

"Dy boeren hiene se beleane moatten foar de romte dy't se noch ha, yn stee fan dy romte útjaan oan Tata Steel. It grutkapitaal suget it plattelân aanst leech. Dit is ûnfoechsum bestjoer. Minsken dy't miene dat se sa it lân bestjoere moatte, dy binne net kapabel. Dy kinne better thús sitte."

Fakbûnfoarsitter Harm Wiegersma

(advertinsje)
(advertinsje)