Deputearre Kramer: stikstofromte fan boeren nei oare bedriuwen

Deputearre Johannes Kramer begrypt de soargen fan de boeren oer it stikstofbelied, mar hy seit dat de plannen fan de provinsje en fan it Ryk net hiel ferskillend binne. Dat wie foar boeren wol de oanlieding om freed by it Provinsjehûs aksje te fieren.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
"Ofrûne tiisdei ha de provinsjes yn Nederlân in beslút nommen oer de stikstofympasse", fertelt Kramer. "En dat is de boeren rau op it dak fallen. Sy fine dat it net goed kommunisearre is. Dêr ha se gelyk yn en dêrom binne se hjir."
"Se ha gelyk dat se soargen ha en dêr lûk ik my wat fan oan. Letter hjoed praat ik mei kollegadeputearren. Moandei praat ik mei de boeren oer regels. De regels binne bedoeld om mear romte te jaan. Dan kinne we wer fierder."

Romte fan boeren nei oare bedriuwen

Kramer leit út hoe't dy regels krekt wurkje: "Boeren ha no stikstofromte. Wat se net fan dy romte brûke, wolle we oan oare bedriuwen jaan dy't dy romte net ha."
Dat betsjut dat de boeren gjin romte mear oer ha. "Kloppet", seit Kramer. "Dat is net maklik. We steane allegear op slot. Boubedriuwen moatte minsken al dien jaan, fanwegen it stikstofprobleem."
Johannes Kramer
Boeren Provinsjehûs2