Provinsje ûndersiket opnij farwei nei Drachten troch polder Hegewarren

11 okt 2019 - 11:12

De farwei fan Grou nei Drachten troch polder De Hegewarren komt wer yn byld. Dat seit deputearre Avine Fokkens. In jier lyn seach Deputearre Steaten sa'n rûte noch net sitten, mar Provinsjale Steaten woe neier ûndersyk. Troch ûntwikkelingen yn de polder binne der dochs wer mooglikheden foar in farwei.

Binnenfeart - Foto: Shutterstock.com

Yn de polder sitte sân boerebedriuwen. Sy ha lest fan in drûge grûn en om it wetternivo op peil te hâlden, jout de provinsje no alle jierren 400.000 euro út. It soarget foar in soad stikstofútstjit, en dat wylst de polder njonken it Natura2000-gebiet De Alde Feanen leit.

De provinsje, Wetterskip Fryslân, de gemeente Smellingerlân en lânbou-organisaasje LTO binne dwaande mei in ûndersyk nei in nije farwei nei Drachten.

Sa litte of ûnder wetter?

Der lizze no fjouwer senario's. Ien dêrfan is om neat te feroarjen oan de situaasje fan no, mar dan komt der gjin nij farwei. In oare opsje is om de Hegewarren ûnder wetter te setten foar in farwei. Mei in nije feart is der plak foar gruttere binnenfeartskippen.

Avine Fokkens oer de farwei

It ûndersyk moat oer in jier klear wêze. Dêr is noch wol jild foar nedich.

De mooglikheid foar in soart bypass troch de gemeente Hearrenfean is ek ûndersocht, mar dat is fan de baan. De gemeente Hearrenfean wol gjin finansjele bydrage dwaan.

Feilichheid wettersporters

Der hat ek ûndersyk west nei de feilichheid fan wettersporters by Earnewâld en Terherne fanwegen it grutte frachtferfier dêr. De ôfrûne moannen binne der gjin gefaarlike situaasjes oan it ljocht kaam neffens de provinsje, mar de sporters hiene sels soms wol it gefoel dat it net feilich wie.

Dêrom wol deputearre Fokkens no in foarstel oan de Steaten foar maatregels, wêrmei't de sporters harren feiliger fiele.

30 miljoen yn Van Harinxmakanaal

Dêrnjonken wol de provinsje de kommende tsien jier 30 miljoen euro ynvestearje yn it Van Harinxmakanaal. Se wolle it kanaal geskikt meitsje foar skippen yn de Va-klasse. Dat binne skippen fan maksimaal 110 meter lang en 11,4 meter breed. It kanaal moat dan breder wurde en de bochten moatte oanpakt wurde, sadat de gruttere skippen dertroch kinne.

Avine Fokkens oer de ynvestearringen yn it Van Harinxmakanaal

(advertinsje)
(advertinsje)