Boeren: 'We bliuwe hjir krekt sa lang oant provinsje maatregels ynlûkt'

11 okt 2019 - 13:15

Fryske boeren fiere freed aksje by it Provinsjehûs yn Ljouwert. Tsientallen boeren út hiel Fryslân protestearje tsjin de stikstofplannen fan it kabinet. Se bliuwe dêr krekt sa lang oant de provinsje maatregels ynlûkt. Dat seit Eke Folkerts fan de Agrarische Jongeren.

De boeren reagearje op in beslút dat de provinsjes tiisdei nommen ha: as boeren saneamde stikstofromte oer ha, giet dat nei bedriuwen dy't gjin romte mear ha.

Freedtemoarn om healwei tsienen kamen der oproppen yn WhatsApp-groepen. Tineke de Vries fan LTO Noord hat by in gearkomste yn Easterein sein dat de provinsjes stranger stikstofbelied foarskriuwe as it Ryk.

De earste boeren kamen om healwei tolven oan by it Provinsjehûs. Dêr is de plysje ek teplak. Deputearre Johannes Kramer, dy't it stikstofbelied yn syn portefúlje hat, stiet de boeren te wurd.

Den Haag

Op 1 oktober reizgen tûzenen boeren út it hiele lân al ôf nei Den Haag om dêr te protestearjen tsjin de stikstofplannen en foar in better lânboubelied. Se binne it der net mei iens dat de sektor ynkrimpe moat, om de útstjit fan stikstof te beheinen. Dy aksje soarge foar in soad gaos op 'e diken.

De boeren binne fan plan om op 16 oktober opnij te protestearjen. Fia it RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu) yn Bilthoven wolle se nei it Binnenhof ta gean.

Net allinnich Fryslân

Boeren fiere freed net allinnich yn Fryslân aksje. Ek út oare dielen fan it lân komme berjochten dat boeren protestearje.

Trefwurden: 
boeren stikstof boereprotest
(advertinsje)
(advertinsje)