Hurde wyn yn Fryslân: koade giel ôfjûn troch it KNMI

11 okt 2019 - 10:47

It KNMI jout fan freedtemiddei ôf koade giel út foar ús provinsje, it Waadgebiet en de Iselmar. Minsken moatte rekken hâlde mei swiere wynstjitten, dy't op it waad mooglik oant 90 kilometer yn 'e oere oprinne kinne.

Hurde wyn - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Op it fêstelân waait it krekt wat minder hurd, mar it ferkear en ek bûtenaktiviteiten kinne hinder ûnderfine. De koade giel fan it waarynstitút jildt fan 15.00 oere freedtemiddei oant it begjin fan de nacht.

(advertinsje)
(advertinsje)