Oranje Comité: gjin tiid om 75 Jier Frijheid te organisearjen yn Smellingerlân

11 okt 2019 - 10:18

It Oranje Comité organisearret yn Smellingerlân gjin programma yn it ramt fan 75 Jier Frijheid. De gemeente hie it komitee frege om de wiken en doarpen te belûken yn it programma, mar it komitee lit no witte dat se dêr gjin tiid foar hat.

Foto: ANP

It komitee jout net allinnich de opdracht fan Befrijingsdei werom, mar ek de organisaasje fan Keningsdei en Deadebetinking.

"Wij hebben begrip voor het besluit van het Oranje Comité", seit boargemaster Jan Rijpstra. "Het college heeft echter de wens om de viering breder te trekken dan alleen een stukje Drachten. We vinden het belangrijk dat het een viering wordt voor en door de mensen van Smallingerland."

De gemeente Smellingerlân sjocht no nei de mooglikheden om sels de organisaasje fan de trije dagen mei de mienskip op te pakken.

(advertinsje)
(advertinsje)