Hoe is it mei de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean?

11 okt 2019 - 10:02

In nij bestjoer, in soad skulden, njoggen nije spylsters en dochs goed begûn oan it nije seizoen. Sportklup Hearrenfean stiet nei fiif wedstriden op in kreas fjirde plakje en spilet freed in belangrike wedstriid tsjin de nûmer fiif en kampioen fan ferline jier FC Twente. We sjogge mei in oantal haadrolspilers werom en foarút.

"As spylsters ha wy der eins net safolle fan meikrigen", sa begjint Tiny Hoekstra har ferhaal. De froulju binne foar it grutste part ôfsletten fan de perikels. "Dat ha se wol goed dien. Wy ha us foaral rjochte op it fuotbaljen."

De froulju kinne har dus wer op it sportive resultaat rjochtsje en dat giet hielendal noch net sa min. Se hellen ûnder oare in knap lykspul út by Ajax, mar krigen yn de earste wedstriid mei 4-1 op 'e kont tsjin PSV. "It is noch wat wikselfallich. Dan fernimst ek dat we noch in jonge ploech ha. We hiene ek wat blessueres en misse noch wat in lieder."

Stân Earedifyzje

Wedstriden Punten
1. PSV 5 13
2. Ajax 5 10
3. ADO Den Haag 5 8
4. SC Heerenveen 5 8
5. FC Twente 5 7
6. VV Alkmaar 5 3
7. PEC Zwolle 5 2
8. Excelsior/Barendrecht 5 2
Foto: Omrop Fryslân

Tiny Hoekstra waard ferline jier topskoarer fan de Earedifyzje mei 26 goals. "Al komt dat ek trochdat wy net yn de kampioenspûl einigen. Sa wûnen we mei 12-0 fan Achilles'29 en skoarde ik seis kear. Dan giet it rap."

Dochs hat se wol in hiel goed seizoen draaid en kaam der ek belangstelling. "Der wiene wol wat klups dy't my ha woene. Ek klups dy't Champions League spylje." Mar Hoekstra keas dêr net foar. "Ik ha it hjir goed en ik moat it wol nei myn sin ha. Ik wenje noch thús yn Rinsumageast en as ik dan nei it bûtenlân gean soe, wit ik hielendal net oft ik my wol op myn gemak fiele soe."

Elise Meijerink stie de earste fiif wedstriden fan it seizoen noch op it wedstriidformulier. Ja, in pear kear op de bank, mar se is net fit. "Ik ging in de voorbereiding door mijn enkel en daar heb ik nog steeds last van. Ik hoop er over zo'n twee weken weer te staan."

En dan wol Hearrenfean wer nei de kampioenspûl. Nei ien kompetysjeronde fan 14 wedstriden wurdt de kompetysje ferdield yn twa helten. De earste fjouwer spylje foar it kampioenskip. Twa jier lyn helle Hearrenfean de kampioenspûl wol, ferline jier misten se dat op ien punt. "Dus hebben we in het begin van dit seizoen gezegd: eerst maar eens kijken hoe het gaat. Nieuw, jong team. Eerst even aftasten."

No't se fiif wedstriden ûnderweis binne, doarre se harren al út te sprekken: doelstelling is it heljen fan de kampioenspûl en dus de earste fjouwer. "Absoluut. We hebben inmiddels gezien dat we kwaliteit hebben en dat we dat kunnen bereiken."

Oan de ein fan ferline seizoen kaam oan it ljocht dat de Stichting Vrouwenvoetbal Heerenveen flinke skulden hie. Yn in reaksje op dizze webside lutsen twa âld-bestjoersleden oan de bel. In ynterim-bestjoer (Adriaan Dillema, Anne Jochum de Vries en Hylke van der Veen) waard oansteld en in kertiermakker (Bjernt van Popta) gie mei it ynterim-bestjoer oan de slach om de skulden fuort te wurken.

"De skulden binne yntusken hast hielendal fuort", ljochtet Anne Jochum de Vries ta. "We ha alle partijen byelkoar brocht en dêrtroch kinne we no yn elk gefal sizze dat we fierder kinne."

De Vries is direkteur fan Sport Fryslân en neffens him sitte alle partijen wer op ien line. "Sport Fryslân, mar ek CTO Noord, SC Hearrenfean, de KNVB. Dat fyn ik wol belangryk om te ûnderstreekjen." Neffens De Vries is it nije bestjoer, dat út fjouwer of fiif minsken bestean sil, al foar in grut part wis. "We hoopje ein dizze moanne de nammen bekend te meitsjen."

De nije organisaasje komt aanst mei in aksje. Foar in tientsje kinst de froulju stypje. "Kinst donateur wurde fan de froulju, sa moatst it sjen. We sille ûnder oare tegearre mei it Friesland College sjen oft we 10.000 donateurs krije kinne." Se hoopje letter dit jier mei in aksje te starten.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant hurdfytsen en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)