Grinzers ferniele ruten en brekke yn by Ljouwerter kafee

De plysje hat freed twa minsken út Grins oanholden fanwege in ynbraak yn in kafee oan de Lytse Heechstrjitte yn Ljouwert. Der wiene ruten fernield en guod út it kafee meinaam.
© ANP
Doe't de plysje by it kafee oankaam, wiene de ynbrekkers al fuort. Op basis fan in sinjalemint hat de plysje dochs twa minsken oanholden yn de buert fan it kafee. Dy hiene guod by har dat yn it kafee ferkocht wurdt gewoanwei.
De fertochten binne 37 en 49 jier. De plysje hat se fêstset.