Kollum: "De dochter fan Martenshoek"

11 okt 2019 - 09:02

"Jelle en ik hawwe ferline wike by it iepenloftspul 'De dochter fan Martenshoek' yn Grins west, skreaun troch Corine Nijenhuis. De reden dat wy dêr wiene, wie dat dy dochter ús koftsjalk de 'Tromp' is. It skip is yn 1912 yn Martenshoek boud en har skiednis waard op ferskate plakken spile troch ûnder oaren seis froulju, fan jong ta âld. Op dy manier kaam it skip echt ta libben.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

De Tromp is in allemachtich grouwe koftsjalk dy't dus yn 1912 boud is mei de namme 'Lammegiena II'. Se foer op 'e Eastsee mei Skandinavysk hout, mar al nei 20 moanne gong de skipper dea en waard se wer ferkocht. Yn 1925 kaam der in motor yn. Dêrfoar is se, folladen mei hout út Sweden, fêstrûn op in sânplaat foar Skylge, hat se de Earste Wrâldoarloch oerlibbe en yn 'e Twadde is se yn beslach nommen troch de Dútsers. Doe hjitte se al de 'Tromp'.

Se hat doe in protte skea oprûn, mar bleau ûnskansearre en krige de bynamme 'Geloksskip'. Want se hold de bemanning yn libben, wylst oare skippen omraak sonken mei de bombardeminten. Om derfoar te soargjen dat se nei de oarloch net mei hoegde nei Dútslân, hat in 'goede' 'Dútser har sinke litten. Hjir hiene se ek in sêne oer makke en dat fûnen wy de meast ymponearjende.

Letter hawwe se har wer boppe wetter helle, mar yn 1949 fergong se hast yn in stoarm en yn 1953 wie se yn in swiere mist strâne foar Ingelân. Yn '57 lei se troch in ierdferskowing opsluten op in mar yn Sweden en yn '67 wie se it âldste skip fan de 'Vaderlandse koopvaardijvloot'. Letter is se ferkocht om as opliedingsskip op de Filipinen oan it wurk te gean, mar dat gong net troch omdat it Suezkanaal blokkearre wie troch de oarloch tusken Israel en Egypte.

Se hat ek noch in fiskerskip west en yn 1996 gong se nei Palermo, dêr't se omboud waard ta sânsûger, mei de nije namme 'Grazia'. Mar se seach der freeslik út en waard nei fjouwer jier ôfkard. Ferjitten yn in haven op Sisylje woe in Hollanner har wer thúsbringe en úteinlik liet de maffia har gean. Mar de skea wie sa grut en al gau wie it jild op. Doe hawwe Jelle en syn maat André har yn 2006 kocht en waard se yn in lear-wurkprojekt op ús drûchdok yn Grins werombrocht yn har oarspronklike steat.

Sa lei se ek yn Martenshoek te pronkjen en der komme hieltyd mear ferhalen by. Want doe't der fan 't maitiid op in sneintemoarn in frou by my foar de doar stie fan it iepenloftspul, hiene de jonges de jûns dêrfoar in feest op it skip hân. De jeugd hie de sinne opkommen sjoen oan dek en noch neat opromme, fansels.

It wie in prachtige nacht en dy sneins wie it ek moai waar. Doe't ik mei har oan board stapte, lei der noch immen te sliepen en oeral leine lege bierflessen. Yn it rom wie it ek in grutte gaos en it stonk freeslik nei bier. Yn datselde rom hiene se de sêne oer de tiid yn Sisylje, spile troch in wat âldere frou oan in ketting, yn in suterige jurk mei roastige plakken. En wylst ik dernei seach flústere ik Jelle yn it ear dat it gelokkich net mear nei bier stonk.

Ik wit dat der op it feestje ek hiele aardige sênes west ha yn it rom, mar guon dingen hoege de skiednisboeken net perfoarst yn. Wat no bart yn 'e Tromp, bliuwt yn 'e Tromp! It ferhaal fan dit bysûndere skip is noch lang net út en wy ha geniete fan it stik!"

(advertinsje)
(advertinsje)