Frijwilligers en organisaasjes moetsje elkoar op Frijwilligersfestival

Foar it tsiende jier op rige wurdt freed it Frijwilligersfestival yn Ljouwert hâlden. Mear as fyftich organisaasjes op it mêd fan ûnder oare sport, kultuer en natuer presintearje har yn skouboarch De Harmonie. Minsken dy't frijwilligerswurk dwaan wolle, kinne hjir yn de kunde komme mei de organisaasjes. It festival wurdt organisearre troch Amaryllis, de ynstelling achter de wykteams yn Ljouwert.
It Frijwilligersfestival fan 2018 © Amaryllis
It is de earste kear dat it evenemint yn de foarm fan in festival is. "De ôfrûne njoggen jier wie it in beurs en hiene we allinnich kreamkes dêr't minsken delrinne koene. It like ús moai om minsken it mear belibje te litten, dus we biede no ek workshops oan", leit Roos van der Meer fan Amaryllis út.
"We hawwe de dielnimmende ynstânsjes ek frege hoe't se besikers belibje litte kinne wat se no krekt dogge. Sa komt de biblioteek mei in 'luisterhoek', Fietsen Alle Jaren sil mei in riksja troch De Harmonie ride en de diere-ambulânse nimt de ambulânse mei."

Soad frijwilligers yn Fryslân

Neffens Van der Meer stiet Fryslân boppe-oan wat frijwilligerswurk oanbelanget. "We binne hjir al hiel aktyf, mar der kinne noch altyd mear minsken by." Besikers kinne freed by alle kreamkes delrinne en sjen wat har oansprekt. "Wy binne ek op 'e flier oanwêzich, dus wy kinne minsken helpe as se nei eat spesifyks op 'e syk binne."
De belangstelling fan organisaasjes dy't meidwaan woene oan it festival wie grutter as ferwachte. "Wy giene út fan sa'n 40-45 bedriuwen, mar we sitte no op 54. Dus dat is hiel moai!" It festival fynt plak fan 14.00 oant 16.00 oere yn De Harmonie. Foarôfgeand oan it festival wurdt de nije digitale fakatuerebank SamenLeeuwarden presintearre.
Roos van der Meer fan Amaryllis oer it festival