Ofslútdyk wer iepen nei needreparaasje

11 okt 2019 - 07:16

De Ofslútdyk is wer iepen, neidat dy de hiele nacht ôfsletten west hat yn ferbân mei in needreparaasje. By it yntriljen fan daamwanden foar de oanlis fan in gemaal by Den Oever rekke de rydbaan oan de Iselmarkant 8 sintimeter fersakke. Dat melde Rykswettersteat. Dy fersakking is yn de nacht fan tongersdei op freed ferholpen en yntusken is de dyk wer te brûken.

Ofslútdyk - Foto: Shutterstock.com

Boukonsortium Levvel, dat de fersterking fan de Ofslútdyk ûntwurpen hat en dy ek bout, hat de hiele nacht besocht it probleem te ferhelpen. Ek hat der freedtemoarn noch oerlis west mei Rykswettersteat. "De werkzaamheden zijn goed verlopen. Het duurde lang voordat het verkeer van de weg af was en de werkzaamheden konden starten, maar om 5.00 uur is de weg weer open gegaan", leit Lukas Meursing fan Rykswettersteat út.

Dyk opnij opbouwe

De dyk moast opnij opboud wurde. "Het asfalt moest worden afgefreesd, de fundering moest opnieuw worden opgebouwd en vervolgens moest er nieuw asfalt worden aangebracht. Tegelijkertijd zijn de heiwerkzaamheden afgerond. Logistiek was dat een hele uitdaging."

Dy heiwurksumens wiene ek de oarsaak fan de fersakking. "Het was een onaangename verrassing. We doen er veel aan om dit soort situaties juist te voorkomen. Desalniettemin kan zoiets optreden." De fersakking hat gjin gefolgen foar de rest fan de wurksumens oan de Ofslútdyk.

Stoptekens negearre

Neffens Meursing duorre it lang foardat de dyk echt ôfsletten wurde koe. In soad automobilisten negearren de stoptekens en rieden dochs oer de dyk. "Dat is toch iets waar we bij werkzaamheden vaak mee te maken hebben. Het is zowel voor de weggebruiker als de werklieden gevaarlijk als afzettingen worden genegeerd."

Lukas Meursing fan Rykswettersteat

(advertinsje)
(advertinsje)