De Kringloop wol dé winkel wurde foar húshâldlik guod en meubels fan ús lân

"We willen de nieuwe Blokker worden. Dus dat mensen eerst hier komen kijken als ze wat nodig hebben voor in huis: van meubels tot bestek." Dat seit ûntwerpster Louise Cohen. Se hat yn opdracht fan de Recycle Boulevard fan Omrin yn Ljouwert meubels en interieurartikelen makke dy't byinoar passe: The Upcycle Collection. Fan twaddehânsk guod wurde design-meubels makke. It slacht sa bot oan, dat ek oare kringloopketens yn Nederlân it idee oernaam hawwe.
The Upcycle Collection
Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit wie de earste grutte opdrachtjouwer. Yntusken binne al hiel wat stuollen, kasten, tafels en lampen nij libben yn blaasd. "Voor instellingen en openbare ruimtes maar ook voor particulieren", fertelt betinker Louise Cohen. De ûntwerpster besleat in pear jier lyn dat se gjin nij guod mear ûntwerpe woe, mar allinnich noch mar mei besteande dingen wurkje woe.

Spesjale ferve

Ien meter tafel kostet bygelyks 100 en in lampe 15 euro. "Als je bestelt, weet je niet wat je krijgt. We nemen gewoon de eerste honderd stoelen die we binnen krijgen in productie. Wel kun je kiezen uit een kleurfamilie, zodat het totaal bij elkaar past." Der wurdt spesjale ferve brûkt, makke fan pallets fan hout.

Lanlike neifolging

It systeem dat Cohen betocht hat, kinne oare kringloopketens mei in eigen wurkplak hiel maklik oernimme. Sy kinne dan ek sokke produkten meitsje. Ynkoarten gean se los yn Utrecht en Limburg, en op oare plakken yn ús lân binne petearen oan 'e gong.
Yn Fryslân wurde de meubels makke yn it grutte wurkplak fan Omrin dat yn itselde gebou sit as de Recycle Boulevard. Dêr wurkje studinten interieur-design, frijwilligers, statushâlders dy't taalstaazje dogge oant minsken dy't in reyntegraasjetrajekt folgje oan it projekt.

Gjin priis, wol earfolle fermelding

The Upcycle Collection wie nominearre foar de provinsjale Vredeman de Vriespriis foar foarmjouwing. Se hawwe net wûn, mar krigen wol in earfolle fermelding, sa waard ein foarige wike bekend. In flinke opstekker, fynt Cohen. In sinjaal dat de provinsje duorsumens hiel wichtich fynt. Dat is de takomst, seit Cohen. "Ik hoop dat de kringloopwinkel de nieuwe huishoudwinkel wordt. Dus als je iets nodig hebt voor in je huis, je eerst hier gaat kijken bij de tweedehands spullen die bewerkt zijn in The Upcycle Collection. En als ze het niet hebben of als je het echt niet mooi vindt, dan kun je ergens anders wat nieuws kopen."
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Ferslachjouwer Wendy Kennedy