Hurdfytster Nicole Steigenga makket oerstap nei Belgyske ploech

10 okt 2019 - 21:27

Hurdfytster Nicole Steigenga hat in nije ploech. Se makket de oerstap nei it Belgyske team Doltcini - Van Eyck Sport. De 21-jierrige hurdfytster út Eksmoarre ried de ôfrûne twa seizoenen yn Italiaanske tsjinst.

Nicole Steigenga yn de Healthy Ageing Tour - Foto: OrangePictures

Foar de ploech-Bepink fytste Nicole Steigenga ûnder oare twa kear de Giro d'Italia. Yn 2018 belibbe se dêr har hichtepunt oant no ta troch in etappe te winnen yn de Setmana Ciclista Valenciana.

Doltcini-Van Eyck Sport is in UCI-ploech, wat betsjut dat se wedstriden ride op de World Tour, it heechste ynternasjonale nivo.

(advertinsje)
(advertinsje)