Tennisser Sander Arends nei heale finale challenger yn Mouilleron-le-Captif

10 okt 2019 - 21:24

Tennisser Sander Arends hat tongersdei de heale finale fan de ATP Challenger yn it Frânske Mouilleron-le-Captif by Nantes berikt. De Ljouwerter wûn tegearre mei syn fêste maat David Pel yn de kwartfinale mei 4-6 6-3 10-4 fan de Monegasken Romain Arneodo (nr. 79) en Hugo Nys (nr. 67).

Foto: www.orange-pictures.nl

It Nederlânske duo kaam troch twa dûbelde fouten fan Pel fuort in break efter. Pas op 4-5 40-40 krigen Arends en Pel it earste breakpunt, mar dat waard net fersulvere en dus gie de set mei 4-6 nei de Monegasken.

De twadde set begûnen Arends en Pel in stik better. Nys waard yn de twadde game brutsen, wêrnei't Arends syn eigen servicegame binnenhelle: 3-0. Yn de rest fan de set wiene der gjin breaks mear en dêrmei gie de set mei 6-3 nei Arends en Pel.

Yn de ôfslutende supertiebreak kaam it Nederlânske duo mei 2-0 foar. De Monegasken kamen lykwols goed werom ta 2-4. Arends en Pel makken dêrnei acht punten op rige en wûnen de supertiebreak mei 10-4.

Stunt yn earste ronde

Yn de earste ronde wiene Arends en Pel ek al yn de supertiebreak de betteren. De as nûmer ien pleatsten Sander Gille (nr. 45) en Joran Vliegen (nr. 38) waarden mei 2-6 6-2 10-4 ferslein.

Yn de heale finale moat Arends it opnimme tsjin de Frânsman Manuel Guinard (nr. 304) en de Eastenriker Lucas Miedler (nr. 251).

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)