Gemeenten moatte broekriem oanhelje om begruttingen slutend te krijen

10 okt 2019 - 21:19

De kolleezjes fan fjouwer Fryske gemeenten hawwe de begrutting foar takom jier presintearre. Dat binne Tytsjerksteradiel, Dantumadiel, Súdwest-Fryslân en Achtkarspelen. Sy moatte de kommende twa jier tûker mei jild omgean om yn 2022 wer finansjeel sûn te wêzen. De begruttingen moatte noch troch de ried goedkard wurde.

Foto: Shutterstock.com

Tytsjerksteradiel

Yn Tytsjerksteradiel moatte de biblioteken it dwaan mei in legere bydrage. Fierders moat sjoen wurde oft de jachthaven fan Earnewâld ôfstjitten wurde kin. Lykas in soad oare gemeentes moat ek de gemeente Tytsjerksteradiel jild fine om de soarchkosten betelber te hâlden. De fergoedingen dy't de gemeente fan it Ryk krijt, binne op it stuit te leech om alle kosten yn it sosjaal domein te beteljen.

Njonken besunigings op de biblioteken en de jachthaven fan Earnewâld, wol Tytsjerksteradiel ek sjen nei ûnderhâld fan gebouwen. Dêrby wol de gemeente it ferfangen fan bedriuwsauto's langer útstelle.

Op tongersdei 31 oktober behannelet de gemeenterie de begrutting. De rie makket dan in definitive kar.

Achtkarspelen

Foar Achtkarspelen stiet 2020 yn it ramt fan optimalisaasje fan de organisaasje. Projekten dy't al úteinset binne, gean troch, bygelyks Achtkarspelen as Fairtrade-gemeente. Dêrneist makket de gemeente yn de begrutting romte foar de bou fan it swimbad yn Bûtenpost en wurdt úteinset mei de werynrjochting fan it sintrum fan Surhústerfean.

Op tongersdei 31 oktober behannelet de gemeenterie de begrutting.

Súdwest-Fryslân

De gemeente Súdwest-Fryslân moat ek besunigje. Mar it is de gemeente ek slagge om jild frij te meitsjen foar nije inisjativen. Der wurdt besunige op de ynkeap fan lichte en spesjalistyske ûndersteuning en it fersoberjen fan de húshâldlike help. Yn 2020 komt der 6 miljoen euro frij foar ynvestearringen. "Dit zijn investeringen over de volle breedte van onze samenleving, van sport tot economie, in sociale leefbaarheid en de omgeving", skriuwt it kolleezje. Bygelyks it ferduorsumjen fan doarpshuzen, it ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens en de ferfanging fan in keunstgersfjild yn Boalsert en it klaaikeamergebou fan fuotbalklup LSC yn Snits.

De begrutting 2020 en de mearjierrebegrutting 2021-2023 wurde foarlein oan de gemeenterie, dy't dêroer yn de gearkomste fan 14 novimber in beslút nimt.

Dantumadiel

De gemeente Dantumadiel docht it fersyk oan de rie om dermei yn te stimmen om ferskate biblioteken en foarsjenningen te ferkeapjen of ôf te stjitten. Dat binne de biblioteken yn Feanwâlden en dy op De Westereen. Wat ek ferkocht of ôfstjitten wurde moatte soe, is op de Westereen de passantehaven, swimbad De Frosk, it Sylersplak en in wenhûs oan de fan Harinxmaloane en yn Driezum Rinsma Pôle.

Yn de riedsfergadering fan 5 novimber 2019 wurdt de begrutting 2020 fan de gemeente Dantumadiel behannele.

Wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest-Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)