Racefytser slim ferwûne by oanriding mei bus op De Tynje

In racefytser is woansdeitejûn op De Tynje swierferwûne rekke by in botsing mei in bus. It ûngelok barde op de Breewei. Om't de fytser net oansprekber wie, waard de traumahelikopter út Eelde ek oproppen. Dy hoegde net yn aksje te kommen.
© CAMJO media
It ûngelok wie sa slim dat der twa sike-auto's oproppen waarden. De ferwûne fytser is nei in earste behanneling troch ambulânsepersoniel yn sân hasten nei it sikehûs brocht. De traumahelikopter waard boppe Beetstersweach ôfsein en koe werom nei de basis. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.