Ofslútdyk 8 sm fersakke by wurk oan daamwanden: wei ôfsluten foar alle ferkear

10 okt 2019 - 20:03

De Ofslútdyk is tongersdeitejûn fan 20.00 oere ôf yn beide rjochtingen ôfsluten foar alle ferkear yn ferbân mei in needreparaasje. By it yntriljen fan daamwanden foar de oanlis fan in gemaal by Den Oever is de rydbaan oan de Iselmarkant fersakke, neffens Rykswettersteat. De fersakking is 8 sintimeter, hat in wurdfierder bekend makke.

De ôfsluting duorret nei alle gedachten oant freedtemoarn 06.00 oere. It ferkear wurdt omlaat. Doe't de fersakking konstatearre waard, is it wurk oan de dyk fuortendaliks stillein. De wei is ôfsluten fan Koarnwertersân oant Den Oever. Foar Breesândyk wurde spesjale ferkearsregelers ynset.

Flak nei acht oere lutsen autobestjoerders harren earst neat oan fan de ôfsettingen. Se negearden de pionnen dy't pleatst wiene en rieden troch.

Ofslútdyk - Foto: Shutterstock.com

Fundearring fersakke diel opnij opbouwe

"We pakken het herstel grondig aan: we bouwen de fundering van dit stuk weg over een lengte van 20 meter geheel opnieuw op. Dit is bedoeld als maatregel om de kans op verdere verzakking tijdens de werkzaamheden te verkleinen", seit wurdfierder Patricia Troost fan Rykswettersteat. Fanwege de feiligens fan weiwurkers en it ferkear giet de Ofslútdyk tongersdeitejûn en -nacht hielendal ticht.

Fersterking

Oan de Ofslútdyk fine fersterkingswurksumheden plak dy't yn 2022 klear wêze moatte. Der komme ekstra gemalen en spuislûzen om mear wetter ôffiere te kinnen nei de Waadsee.

(advertinsje)
(advertinsje)