Fytser nei sikehûs nei oanriding Berltsum

Yn Berltsum is tongersdeitemiddei in fytser ferwûne rekke by in oanriding. De fytser kaam op de Koekoeksleane yn botsing mei in auto. De fytser is behannele troch ambulânsepersoniel en dêrnei nei it sikehûs brocht.
© SR Fotografie
Wat de oarsaak fan de botsing is, is noch ûnbekend. De plysje hat mei minsken praat dy't it ûngelok sjoen hawwe. It ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok rint noch.