"Ljouwert kin ek European Green Capital wurde"

10 okt 2019 - 17:39

Ljouwert kin hiel goed besykje om nei Kulturele Haadstêd 2018 ek European Green Capital 2025 te wurden. Dat seit Ingrid Zeegers fan Circulair Fryslân. Zeegers wie dizze wike op de Europeeske wike fan de regio's yn Brussel om ferskate workshops te jaan oer sirkulêre ekonomy.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Sels hâldt se lykwols net al te folle fan it wurd 'sirkulêr'. "Ik heb het liever over de 'gezond verstand-economie'. Streven naar zo weinig mogelijk afval is voor mij een kwestie van gezond verstand, zo weinig mogelijk voedsel weggooien ook."

Sirkulêre ekonomy hat in soad ûnderdielen. Gjin ôffal is ien ûnderdiel, mar rekken hâlde mei biodiversiteit en sosjaal ferantwurde produksje ek. "Als je 's middags een boek bestelt op Bol.com en dat de volgende dag ontvangt is er 's nachts iemand voor jou aan het werk geweest. Dat vind ik niet-circulair", sei Zeegers tsjin in ynternasjonaal selskip.

Duorsumens

'In griener Europa' wie dizze wike ien fan de haadtema's fan de wike fan de regio's. Seker in kwart fan de temagearkomsten gie oer duorsumens of fergriening. Ut alle hoeken fan Europa wie belangstelling foar it foarbyld fan Sirkulêr Fryslân, want in organisaasje dêr't tsientallen bedriuwen aktyf oan meidogge wurdt ek yn Europeesk ferbân sjoen as bysûnder.

Mar Zeegers wol ek leare fan projekten yn Skandinavië en Italië. "De Italianen zijn verder met duurzaam textiel, daar kunnen wij weer van leren." Zeegers jout har presintaasje yn in sirkulêr produsearre bloes, dy't se op ynternet besteld hat.

Green Deal

Zeegers hat goeie ferwachtingen fan de European Green Deal, sa't Eurokommissaris Frans Timmermans dy tiisdei presintearre. "Europa is er erg mee bezig. Het thema wordt de komende jaren alleen maar belangrijker."

Fryslân en Noard-Nederlân binne neffens har trendsetters, mar noch lang net klear. It liket har dêrom in moai plan om Ljouwert kandidaat te stellen as European Green Capital 2025. "Friezen zijn eigenwijs en volhardend. Volgens mij kunnen we een heel eind komen."

Ingrid Zeegers

(advertinsje)
(advertinsje)