Shorttrackers traine mei in raket op 'e rêch

10 okt 2019 - 17:01

Shorttrack mei in raket op de rêch. No ja, raket. In soarte fan propeller. "Of jet-engine", sa't shorttrack-bûnscoach Jeroen Otter it neamt. De shorttrackers hiene tongersdei de kick-off fan it seizoen en lieten harren nije boartersguod sjen. It doel is dat guon shorttrackers hurder gean mei de jet-engine op 'e rêch.

"If I'll tell you, I have to kill you", laket Jeroen Otter. Nee, it geheim fan 'e smid wol hy net fertelle. Hoe't se dit apparaat makke ha en wêrom't se it brûke wolle.

"Het is het idee om vooral de jongere shorttrackers, de jongens die wat lichter zijn, een beeld te geven van de sterke sprinters. Bij de start gebruiken we een bladblazer en met die propeller vliegen ze sneller door de bochten. Zodoende leren ze beter om te gaan met snelheid op het ijs."

Ekstra snelheid

Neffens Otter pakke se in pear prosinten ekstra snelheid. "Ze gaan zo'n twee tot drie tienden sneller per seconde. Het is een aardige noviteit."

Foto: Orange Pictures

Shorttrackers as Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting brûke se (noch) net. "Wij dames hebben het probleem dat ons haar snel vast komt te zitten met die propellor op mijn rug." Sjinkie Knegt is noch mei hiele oare saken dwaande. "Ik moat earst sels mar wer ris goed ride foardat ik oan sokke gekke grappen begjin."

Shorttrackseizoen

It shorttrackseizoen is al in bytsje begûn. Under oare Suzanne Schulting hat in wedstriid riden yn Moskou en yn Shanghai. Dit wykein is de Invitation Cup op It Hearrenfean. 20 oktober giet de groep dy't selektearre wurdt foar de earste twa wrâldbekers nei Calgary om te trainen. De earste wrâldbeker fan it seizoen begjint 1 novimber yn Salt Lake City. De twadde wrâldbeker is in wike letter yn Montreal.

Fjouwer shorttrackers binne wis fan dielname oan de earste fjouwer wrâldbekers: Suzanne Schulting, Lara van Ruijven, Yara van Kerkhof en Ithzak de Laat. Sjinkie Knegt giet wol mei om te trainen, mar sil noch gjin wedstriden riden by de wrâldbekers. Hy hopet oan de ein fan it seizoen wer oan in serieuze wedstriid mei te dwaan.

Foto: Orange Pictures
(advertinsje)
(advertinsje)