Underhâldsmanlju toer Belvédère: hiele dei mei swiere apparaten treppen op en del

10 okt 2019 - 16:44

De útsjochtoer Belvédère yn Oranjewâld wurdt de kommende wiken flink opknapt. De toer hat bot te lijen fan fandalisme. Sa wurdt er in soad beskildere. Om dat fuort te krijen, moatte twa manlju de hiele tiid mei swiere apparaten nei boppen.

Njonken de beskilderingen wurdt de toer somtiden ek gewoan sloopt. "Dat sjochst hjirre," begjint Jan de Boer syn ferhaal. De foarsitter fan de stichting Belvédère makket him soargen oer de fernielingen. "Sy hawwe gewoan mei in hammer of in seage de hoekjes út dit boerd sloopt. Dat is gewoan suvere fandalisme. Dat is sonde."

Foaral oan de ein fan 'e simmer is de toer oan ûnderhâld ta. "Dan sitte alle bern hjir oant jûns let," fertelt Jan. "Sy ferfele harren faak en de rest kinst sels wol ynfolje wat der dan bart."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Danny tho Bokholt is drok dwaande mei syn wurk. Tegearre mei in kollega makket er de toer hielendal skjin. "Wy binne de graffity op it beton oan it fuortheljen, dat der nei alle gedachten troch omhingjende jongerein op spuite is. Dat helje wy der mei in sânstrieler safolle mooglik ôf. It beton moat fansels net stikken," seit Danny wylst er in peal skjinmakket. "Dus dat moat wol efkes."

Danny en syn kollega rinne de hiele dei de treppen fan de toer op en del. "Ja, it is wol in aardige training," laket er. "Wy moat ek elke kear de apparatuer meinimme, mar dat is gelokkich wol in kompakt dinkje," seit er wylst er nei in sânstrieler wiist.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie by de toer yn Oranjewâld

De hiele toer skjinmeitsje is net samar klear. "Nee, dizze mannen binne wol efkes dwaande mei dit putsje," seit Jan. "Sy hawwe hjir de kommende wiken wol wurk mei. Dus dat duorret noch wol efkes. De toer sit der ek hielendal ûnder, dus dat is dan wol logysk."

Belvédère hopet oer twa wiken wer iepen te wêzen foar publyk. "Dan kinne de minsken wer genietsje fan in prachtige, skjinne toer," laket Danny.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
(advertinsje)
(advertinsje)