Smellingerlân wol twa dokumintêres meitsje litte

De gemeente Smellingerlân wol dat der twa dokumintêres makke wurde oer it lânskip yn de gemeente. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol der yn totaal 18.000 euro foar beskikber stelle.
Kameraman © Shutterstock.com
Yn 2018 is der in lânskipsbiografy makke dy't as basis brûkt wurdt foar de omjouwingsfyzje. Hjiryn is de identiteit fan it lânskip tige wichtich. Om dit better by de ynwenners oer te bringen wol de gemeente no twa dokumintêres meitsje litte: ien fan 20 minuten, en ien fan 45 minuten.

Films yn musea en biblioteken

De films moatte ek beskikber komme foar bygelyks gemeentlike musea, biblioteken en skoallen. De gemeente tinkt der sels oer nei om de films beskikber te stellen foar AZC's, om sa de minsken dêr yn de kunde komme te litten mei de gemeente.
It is net dúdlik wannear't de films klear wêze moatte.