Ferienings op 'e Jouwer sykje meiïnoar nij brûsplak

10 okt 2019 - 15:32

De gemeente De Fryske Marren sil yn oparbeidzjen mei toaniel- en muzykferienings sykje nei in oplossing foar it húsfêstingsprobleem. De romtes fan no foldogge net mear. In grut tal fan dizze ferienings hawwe harren krêften bondele yn in projektgroep, om bettere oplossings fine te kinnen.

Foto: pixabay.com

De projektgroep en de gemeente hoopje oan de ein fan dit jier in foarstel oan de gemeenteried presintearje te kinnen. Der sil ûnder oare sjoen wurde nei de mooglikheden om in kreatyf brûsplak op te setten, dat in mearwearde wêze kin foar de mienskip fan De Jouwer.

(advertinsje)
(advertinsje)