Drachtster krijt selstraf foar gewelddiedige ferkrêfting
In man út Drachten hat tweintich moannen sel krigen omdat er in frou yn har eigen hûs ferkrêfte hat. Dat gebeurde mei in soad geweld. De man kniep har de kiel ticht, sadat se út de tiid rekke.
Hy drige dat er har de eagen útstekke soe as se har fersette soe. De rjochtbank tilde der swier oan dat it slachtoffer yn har eigen hûs ferkrêfte is.
Njonken de selstraf krige de man út Drachten ek in kontaktferbod. Hy moat him ek ferplichte behannelje litte by de GGZ.