Universiteit mjit it tsjuster op It Amelân en yn it Lauwersmargebiet

10 okt 2019 - 15:09

Der komt in spesjaal mjitnetwurk foar it tsjuster yn Noard-Nederlân. Dat hat de Ryksuniversiteit Grins bekend makke. Der komme fjouwer mjitpunten, yn ûnder oare it Lauwersmargebiet en op It Amelân.

Sinnefertsjustering - Foto: Shutterstock.com

It netwurk wurdt opset en ûnderhâlden troch stjerrekundigen, dy't hjirmei it tsjuster yn de gaten hâlde wolle. Undersiker Theo Jurriens: "Met het meetnetwerk kunnen we donkerte meten en zo nodig anticiperen op het mogelijke verdwijnen van duisternis in ons land."

Dark Sky Park

It Lauwersmargebiet is ien fan de twa 'Dark Sky Parks' yn ús lân. In Dark Sky Park is in gebiet dêr't it tsjuster is, en dêr't it tsjuster bewarre bliuwt foar besikers nachts. De beneaming is bysûnder, om't Nederlân it meast ljochtfersmoarge lân fan 'e wrâld is.

De resultaten fan de mjittingen binne werom te finen op de webside washetdonker.nl. Njonken it tsjuster-mjitnetwurk wurdt der yn it Lauwersmargebiet ek wurke oan in nije stjerrewacht fan it Kapteyn Instituut.

(advertinsje)
(advertinsje)