Wolvegeaster dy't buorfamkes misbrûkte moat trije jier de sel yn

In 48-jierrige ynwenner fan Wolvegea dy't twa minderjierrige buorfamkes seksueel misbrûkt hat, moat trije jier de sel yn. Dêrnjonken hat de rjochtbank him ek ien jier finzenisstraf ûnder betingst jûn.
Rjochter © Shutterstock.com
De saak kaam oan it ljocht doe't it jongste buorfamke tsjin har mem sei dat se troch de buorman betaast wie. Doe die bliken dat dat it âldere suske ek oerkaam wie. De famkes wiene acht en alve jier âld.

Pedofile steurnis

By útfanhûsfeestjes slepten de famkes by de buorlju op de sliepkeamer. It misbrûk fûn plak doe't de buorfrou slepte, mar ek as it buorfamke op besite kaam. De rjochtbank rekkenet it de Wolvegeaster ekstra swier oan dat de famkes oan syn soarch tafertroud wiene. Neffens in psycholooch hat de man in pedofile steurnis, wêrtroch't er fermindere tarekkenber is.
De rjochtbank bepaalde dat Wolvegeaster in behanneling ûndergean moat dy't rjochte is op it foarkommen fan seksuele delikten. Hy mei gjin kontakt opnimme mei de slachtoffers en hy komt ûnder tafersjoch fan de reklassearring. Oan ien fan de famkes moat er in skeafergoeding fan 2.500 euro betelje. De opleine straf is lyk oan de eask fan de offisier fan justysje.