Dyk tusken Harns en Surch ticht foar grut ûnderhâld

10 okt 2019 - 14:32

Rykswettersteat sil fan tongersdei ôf in wike lang oan de slach mei de N31 tusken Harns en it knooppunt Surch. It giet om grutskalich ûnderhâldswurk. Ferkear moat rekken hâlde mei omliedingen.

De N31 tusken Harns en Surch - Foto: Google Street View

Omjouwingsmanager Jelmer de Vries fan Rykswettersteat leit út wat it grutskalich ûnderhâldswurk ynhâldt. "Dat betsjut dat we it asfalt ferfange sille, de fangrail werstelle, en dêrnei as wy klear binne, de berm netsjes op oarder meitsje." Alle dagen wurdt in oar stik fan de dyk oanpakt.

Twa wiken lyn soe al begûn wurde mei it wurk, mar dat koe doe net trochgean fanwegen it minne waar. De dyk fan Harns ôf rjochting Ofslútdyk wurdt fan tongersdei 19.00 oere folslein ôfsletten oant en mei freed 06.00 oere. Nije wike tongersdei moatte alle wurksumheden dien wêze.

Foar mear ynformaasje kinne minsken sjen op vananaarbeter.nl of werkzaamheden.rijkswaterstaat.nl.

Omjouwingsmanager Jelmer de Vries fan Rykswettersteat

(advertinsje)
(advertinsje)