Cambuur kin koprinner wurde by winst op MVV

As Cambuur freed de útwedstriid tsjin MVV Maastricht wit te winnen, dan binne de Ljouwerters allinnich koprinner fan de Keuken Kampioen Divisie. NAC Breda is no noch koprinner, mar komt dit wykein lykas de nûmer trije De Graafschap net yn aksje. By Cambuur binne Giovanni Korte en Doke Schmidt noch blessearre. De ferwachting is dat beide spilers nije wike oanheakje by de groepstraining.
Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur
Trainer Henk de Jong hat in romme kar kwa spilers. Hy kiest derfoar om Robin Maulun, dy't werom komt fan in skorsing, net op te nimmen yn de basis. Syn ferfanger, Stanley Akoy, hat it goed dien en dus feroaret De Jong neat. "Ik haw der oer praat mei Maulun", sa sei De Jong. "Hy begrypt hiel goed dat ik no net wikselje kin. De ploech hat it goed dien en der binne romme oerwinningen boekt."

De Jong: "Gjin titelfavoryt"

Henk de Jong wol Cambuur net útroppe ta titelfavoryt. "Wy binne in begjinnend ploechje. Mar it is in goed team mei goeie karakters. Der sit in protte 'schwung' yn en dat fielt goed."
MVV stiet op it foarlêste plak yn de kompetysje, mar dat makket de wedstriidynstelling foar Cambuur net oars, sa sei De Jong. "Ik hoopje dat wy wer fanatyk spylje sille. Us eigen spul spylje en de tsjinstanner fêst sette. MVV hat it op dit stuit wat dreger, mar it is in moaie klup mei in protte supporters."
Issa Kallon fan SC Cambuur
Issa Kallon bewarret net al te bêste oantinkens oan MVV út. Ferline jier waard de lytse Cambuur-oanfaller bekûgele mei bier en wiene der rasistyske sprekkoaren yn syn rjochting. Kallon: "Ik wil daar nu niet echt diep meer op ingaan. Het is geweest. Die dingen horen niet thuis op een voetbalveld, maar ik neem dat vrijdag niet mee de wedstrijd in."
De wedstriid MVV Maastricht-Cambuur begjint freed net om 20.00 oere, mar om 20.45 oere.
Opstelling Cambuur: Stevens; Sambissa, Schouten, Mac-Intosh, Van Deelen; Hoedemakers, Jacobs, Akoy; Kallon, Mühren, Oratmangoen.