Sân jier sel easke nei deadlike mishanneling Jobbegea

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert hat sân jier sel easke tsjin de fertochte fan deaslach ferline jier yn Jobbegea. De man hat yn novimber ferline jier in 60-jierrige ynwenner mei in 'steigerbuis' op. De mishanneling wie yn novimber ferline jier. It slachtoffer hat lange tiid yn koma lein, foar't er kaam te ferstjerren. de holle slein.
Sân jier sel easke nei deadlike mishanneling Jobbegea
Neffens de offisier fan justysje hat de fertochte it slachtoffer "letterlijk met één klap van het leven beroofd". De fertochte sels sei yn de rjochtseal dat er spyt hat fan syn aksje. Hy seit dat er nea de yntinsje hie om de man om te bringen. Hy woe it slachtoffer foaral fuortjeie, doe't dy sels agressyf waard.

Ferstoarn

It slachtoffer bedarre nei de klap yn koma en ferstoar inkelde wiken letter yn it sikehûs oan syn ferwûnings.
De offisier fan justysje fynt dat de aksje fan de man in soad ympakt hân hat. "Met zijn daad heeft hij gevoelens van onrust veroorzaakt niet alleen in Jubbega maar ook in de hele samenleving."
De útspraak is op 24 oktober.
© De Vries Media