Grinsdoarpen yn Waadhoeke wolle net by gemeente Ljouwert hearre

10 okt 2019 - 14:04

De doarpen Blessum, Boksum, Deinum, Marsum en Ritsumasyl wolle by de gemeente Waadhoeke bliuwe. By in eventuele grinskorreksje soene de fiif doarpen by de gemeente Ljouwert komme, mar dêr sit een mearderheid fan de ynwenners net op te wachtsjen, sa docht bliken út in poll fan de wurkgroep grinskorreksje fan de doarpen.

Gemeente Waadhoeke - Foto: Omrop Fryslân

De wurkgroep, besteande út fertsjintwurdigers fan de fiif doarpsbelangen, hat in poll holden ûnder alle 18-plussers yn de doarpen: 53,4 prosint hat de poll ynfolle en dêrfan hat 83,7 prosint oanjûn by Waadhoeke bliuwe te wollen.

De wurkgroep hie de poll organisearre om in byld te krijgen fan de gefoelens yn de doarpen oer in eventuele grinskorreksje en oft dêr draachflak foar wêze soe. No't sa'n grutte mearderheid by Waadhoeke bliuwe wol, is der besletten gjin fierdere proseduere op te starten mei de gemeente. De wurkgroep sil de gemeente dêrfan op de hichte stelle.

(advertinsje)
(advertinsje)