Onderzoeksraad ûndersiket stâlbrannen yn de feehâlderij

10 okt 2019 - 13:53

De Onderzoeksraad voor Veiligheid is in ûndersyk begûn nei stâlbrannen yn de feehâlderij. De ûndersyksried rjochtet him op de fraach hoe't foarkommen wurde kin dat grutte oantallen bisten by stâlbrannen om it libben komme.

De kommende tiid sil der earst ynformaasje sammele wurde. Op basis dêrfan wurdt de fierdere ynfalshoeke fan it ûndersyk bepaald.

Brân yn Nijewier

Yn augustus kamen by Nijewier noch 42.000 hinnen om it libben nei in grutte brân. Twa grutte stâlen wiene folslein útbrând. It wie foar de Partij voor de Dieren oanlieding ta it stellen fan keamerfragen oer brannen yn grutte stâlen.

Foto: De Vries Media
(advertinsje)
(advertinsje)