HEA! It Oktoberfest mei Doede

10 okt 2019 - 12:23

Doede Douma is yn Kollum in bekende ferskining en de 'freon fan elkenien'. Hy wurket troch de wike by Talant en yn de wykeinen helpt hy al mear as tsien jier yn de Manolito Bar en Paradiso Bar. Hy hellet glêzen op en is in earlike en hurde wurker. It is syn lust en syn libben: foaroan stean en derby wêze as der wat te belibjen falt. Ek by it Oktoberfest is Doede fansels fan de partij.

(advertinsje)
(advertinsje)