Waadferiening ferbjustere oer swarte doaze MSC Zoe: "Onderzoek belemmerd"

10 okt 2019 - 12:21

De Waadferiening is ferbjustere oer it nijs dat de swarte doaze fan it kontenerskip de MSC Zoe it net goed dien hat, by de ramp begjin jannewaris. TV-programma Zembla seit dat essinsjele ynformaasje dêrtroch mooglik net opslein is.

De swarte doaze, de Voyage Data Recorder, is ynternasjonaal ferplicht. It apparaat registrearret kontinu gegevens oer de navigaasje fan it skip, lykas de snelheid, de posysje, de koers en ek de kommunikaasje oan board. Dat is fanwege de ramp mei it skip allegear ûnderwerp fan ûndersyk.

It is net dúdlik wat der krekt mei de swarte doaze oan de hân wie, wêrtroch't dy de wichtige data mooglik net opslein hat. De Waadferiening is der yn elts gefal min oer te sprekken.

"Onderzoek belemmerd"

"Het is ongelooflijk dat zo'n belangrijk apparaat aan boord niet goed heeft gefunctioneerd", fertelt Ellen Kuipers fan de Waadferiening. "Het is de enige bron die alle feitelijke informatie aan boord opneemt. Als die niet toegankelijk is, wordt onderzoek naar de toedracht van de ramp belemmerd."

Dat de swarte doaze net goed wurke hawwe soe is tige nuver, fynt Kuipers. "Wij zijn heel benieuwd hoe het kan dat dat ding niet heeft gewerkt. Het is onvoorstelbaar, want zo'n apparaat wordt speciaal gemaakt voor rampen. Het moet boven tafel komen."

Reder MSC lit oerlis mei de Waadferiening oant no ta ôfwitte. In brief fan in moanne lyn is noch hieltyd net beäntwurde. Der is no wer in brief stjoerd. "Ze presenteren zich als een bedrijf dat goed wil omgaan met het milieu. Waarom gaan ze dan niet met ons om tafel?"

It wichtichste is neffens Kuipers dat der lessen leard wurde út de kontenerramp. "We willen nooit meer dat de Waddenzee zo'n afvalput wordt. We willen dat er lessen worden geleerd na zo'n groot incident, maar dat kan nu nog niet."

Undersyk

De MSC Zoe fart ûnder Panameeske flagge. Dêrom liedt Panama it ûndersyk nei de oarsaak fan de ramp en de situaasje oan board. Neffens de ûndersyksried binne de resultaten fan it ûndersyk takom jier maiitiid bekend.

Lês al ús eardere berjochten oer de kontenerramp op ús dossierside.

Foto: ANP
(advertinsje)
(advertinsje)